Dyn wachtwurd feroarje

Feroarje dyn wachtwurd yn de ynstellingen, of set it wer op fia dyn e-post ast it kwyt bist.

Alles oer de befeiliging fan dyn akkount fynst ûnder Ynstellingen › Akkount & befeiliging.

Dyn wachtwurd feroarje

  1. Gean nei Ynstellingen › Wachtwurd feroarje.
  2. Folje dyn hjoeddeistige wachtwurd yn, en dêrûnder dyn nije wachtwurd. Dat moat op syn minst 8 tekens lang wêze; in sin mei in pear wurden is sterker as ien yngewikkeld wurd. In sterktemjitter lêst mei.
  3. Hast twastapsferifikaasje oan stean? Folje dan ek in koade út dyn app yn, of in werstelkoade.
  4. Tik op Bewarje nij wachtwurd. Dyn oare sesjes logge fuortendaliks út.

Wachtwurd fergetten?

Brûk de keppeling Wachtwurd fergetten op it ynlochskerm; do krijst in werstelkeppeling per e-post.

Ekstra befeiliging

  • Set Twastapsferifikaasje oan — in koade út dyn telefoan njonken dyn wachtwurd.
  • Ûnder Wêr bist ynlogd? sjochst dyn apparaten en kinst dy dêr op ôfstân útlogge.
Wie dit nuttich?
Dyn wachtwurd feroarje · Debaty